Philipp Heck (Sint Petersburch, 22 july 1858 - Tübingen, 28 juny 1943; nei 1912 Philipp von Heck); wie in Dútske jurist en rjochtshistoarikus. Hy jild as paadsljochter foar de Dútske Interessenjurisprudenz.
Heck hat foar Fryslân fan belang west fanwege syn publikaasjes oer de Fryske rjochtsskiednis. Hy joech ûnder oaren in nije fyzje op de Fryske stannen yn de midsiuwen. Hy wie fan betinken dat der yn Fryslân foar de komst fan de Franken gjin werklike adel bestie, mar dat elts adel wie dy’t in suvere stambeam (sûnder basterts) hie (teory fan de Gemeinfreien).